BBQ partij op 13 maaie

Op snein 13 maaie wolle wij it JK keatsseizoen wer op in bysûndere wize iepenje. Fanôf 11 oere is der keatsen foar sawol bern as folwoeksenen Wy noegje jimme fan herte út om jimme op te jaan foar it ledekeatsen.

Der sil in loftkessen foar de bern pleatst wurde op it sportfjild. Nei it keatsen kinne wy dan oanskowe foar in barbecue. (± 17 oere) Wij ferwachtsje in soad minsken op dizze earste ledeparty. De dei bestiet dus út twa dielen. Keatserij en noflik ite mei in priisútrikking. We diele de ynskriuwing dan ek op yn twa parten. 1. Minsken die allinne meikeatse wolle betelje € 2,00 ynlizjild , bern € 1,00 2. De barbecuen kostet € 8,00 it persoan foar folwoeksenen en € 5,00 foar (legere skoalle)bern . Fanwege it bestellen fan it fleis, wolle we graach fan te foaren witte oft jo komme en mei hoefolle minsken. Ek freegje we om it jild foar de barbecue foarút te foldwaan. Jo kinne ûndersteand strookje, mei bydrage, úterlik moandei 7 maaie ynleferje by Hans de Boer, Gibbeflecht 47 Baukje Stienstra, de Wâl 2 Geart Oostra, Skillaerderdyk 2 Antsje Kuipers, de Ponge 4 Of oanmelde op info@jacobklaver.nl en jild oermeitsje op 3562.21.202 t.n.f. K.F. Jacob Klaver Mantgum Net allinne leden, mar ek stipers en âlden fan jeugdleden binne fan herte wolkom! It bistjoer ------------------------------------------------------------------------------------- Namme : Adres : E-mail : Oantal persoanen (folwoeksenen) ..... x € 8,00 = € Oantal persoanen (bern) ..... x € 5,00 = € Totaal €

Geplaatst op 02 May 2012